Binnenhaven op Saailân

© Omrop Fryslân
It Saailân yn Ljouwert moat feroarje yn in binnenhaven dêr't in soad toeristen mei de boat oanlizze kinne. Dat stelt de Burgerinisjatyfgroep foar in Better Saailân.
De groep bestiet út in tsiental Ljouwerters dy't it net iens binne mei de plannen fan de gemeente foar it Saailân. Under de inisjatyfnimmers foar in binnenhaven op it Saailân sitte twa arsjitekten en in pear Ljouwerter ûndernimmers.