Merkkeaplju tsjin Saailânplannen

07 jun 2006 - 13:23

Fan de Ljouwerter merkkreamhâlders is 95 prosint tsjin de plannen foar it nij Saailân. Dat docht bliken út in enkête ûnder 66 merkkeaplju hâlden troch de saneamde "Plan 11 groep".

It grutste part fan de ûnderfrege standhâlders seit it betrouwen yn de gemeente folslein kwyt te wêzen nei it referindum oer de Saailânplannen. De útkomsten fan de enkête en 62 protesthantekens wurde woansdeijûn oanbean oan de gemeenteried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)