Besikers tefreden oer rjochtbank

© Omrop Fryslân
De rjochtbank yn Ljouwert skoart heech yn in klanttefredenens-ûndersyk. Seis-en-tachtich persint fan de klanten is tefreden oer de tsjinstferliening fan de rjochtbank. Dat is mear as fjouwer jier lyn, en ek mear as it lanlik gemiddelde.
Minder tefreden binne de klanten oer de wachttiden foar in saak en it gebrek oan privacy yn de sintrale hal. Mooglik wurde dêrom ôfskiedings makke yn dy hal.