UMTS-mêsten net gefaarlik

07 jun 2006 - 09:37

Fryske gemeenten sille gauwer UMTS-mêsten talitte no't de strieling ûngefaarlik is. De mêsten waarden ûndersocht troch Switsers yn opdracht fan it Nederlânske regear. Dy kamen ta de konklúzje dat der gjin gefaar is. UMTS-mêsten binne nedich om mei de mobile telefoan ynternette en bylden ferstjoere te kinnen. Yn Fryslân is in soad ferset tsjin de mêsten. De strieling soe gefaarlik wêze foar de sûnens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)