Acht jier yn saak-Van Lieshout

© Omrop Fryslân
In man út Broeksterwâld hat acht jier sel krigen foar it deaslaan fan Ton van Lieshout út Damwâld. Dy waard sa slim mishannele dat er in dei letter yn it sikehûs ferstoar.
De feroardieling is foar swiere mishanneling mei de dea ta gefolch. De dieder soe sûnder oanlieding op de man ynslein hawwe. De straf is sa heech omdat de kâns grut is dat de fertochte opnij de fout yn giet. Hy is al 19 kear foar geweldmisdriuwen feroardiele.