Brakzand wurdt bananeboat
It 40 jier âlde skip De Brakzand fan Rederij Wagenborg giet nei alle gedachten nei Nikaragua as bananeboat. Hy wurdt ynset op in eilân yn 'e grutste mar fan it lân. Dêr wurde bananen ferboud, mar in grut part giet ferlern omdat der gjin boat is dy't se op 'e tiid oerfarre kine.
De Brakzand hat jierrenlang tsjinst dien as fearboat fan Holwert nei It Amelân en fan Lauwerseach nei Skiermûntseach.