Ofsjitten wylde einen ferbean

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân meie gjin wylde einen mear ôfsketten wurde fan de rjochtbank yn Ljouwert. De Faunabeskerming hie in saak oanspand, omdat de jachtfergunnings dy't de provinsje ferstrekt, yllegaal wêze soene.
De rjochtbank fynt dat de provinsje net goed genôch oantoane kin dat de einen skea feroarsaakje. Der is dêrom gjin reden om op de fûgels te jeien. Hoefolle einen der yn 't jier ôfsketten wurde, is ûnbekend.