Kampearders warskôge foar spoar
Spoarbehearder ProRail hat 31 Fryske campings dy't ticht by it spoar lizze in foarljochtingspakket tastjoerd foar gasten. It materiaal giet oer de gefaren fan it spoar. ProRail wol dat toeristen witte dat bygelyks it kuierjen oer de spoarrails libbensgefaarlik is.
It foarljochtingspakket bestiet út posters en flyers. Lanlik is it pakket nei hast sânhûndert campings tastjoerd.