Betrape by stellen toerhoantsje

© Omrop Fryslân
Trije jonges binne moandeitenacht oppakt by it stellen fan it hoantsje fan de toer fan Dronryp. De toer stie yn de steigers en de jonges wiene dêrby opklommen. Tsjûgen seagen dat en warskôgen de plysje. De plysje pakte dêrop de trije jonges op yn de toer.
De fertochten binne twa jonges fan 18 en 21 jier út Dronryp en in 21-jierrige jonge út Menaam. Se hiene it hoantsje al fan de toer helle. It wie dêrby skansearre rekke.