Boat Flylân kin drokte net oan

06 jun 2006 - 12:07
Foto: Omrop Fryslân

De healwei seizen boat fan Flylân nei Harns hat Pinkstermoandei hûnderten badgasten stean litte om't er fol wie. De passazjiers koene pas oeren letter mei de folgjende boat. Op Himmelfeartsdei moast Rederij Doeksen ek al in groep fan twahûndert minsken stean litte.

Oarsaak fan 'e problemen is de sterke ynkrimping fan de tsjinstregeling dy't fan 't maaitiid yngien is. It giet dan benammen om de snelboat.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)