Deadlik ûngelok by Boyl
In 19-jierrige ynwenner fan Boyl is sneintenacht om it libben kommen by in ferkearsûngelok. De man ride oer de Boylerwei nei syn wenplak ta en is nei alle gedachten de macht oer it stjoer kwytrekke.
De man is fan de dyk ôf sketten en rekke dêrtroch twa beammen. Hy wie op slach dea. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.