Drokte by feest Feankleaster
It tradisjonele Pinksterfeest yn Feankleaster hat dit wykein sa'n 15.000 minsken lutsen. Mei troch it waar wie de opkomst heech.
It feest begûn sneon mei in sjongjûn. Snein en moandeitemoarn wiene der iepenlofttsjinsten. Middeis waard it publyk trakteard op optredens en muzyk. Foar de bern wie der in spesjaal berneprogramma.