Wetterliedings himmele yn H'fean

© Omrop Fryslân
Wetterbedriuw Vitens begjint tiisdei mei it skjinmeitsjen fan it wetterliedingnet op It Hearrenfean. It giet om de liedingen yn de wiken De Heide, De Greiden en Nijehaske. It wurk duorret oant begjin augustus.
Vitens spielt ûnder hege druk de liedingen om. Dêrtroch wurdt it izerslib ferwidere dat yn de rin fan de jierren yn de liedings ûntstiet. De wetterdruk kin betiden wat leger wêze. Ek kin it wetter út de kraan brún wêze.