Elma de Vries wint NK skeelerjen

© Omrop Fryslân
Elma de Vries fan Haule is moandei Nederlânsk kampioen skeelerjen wurden. Yn it Noard-Hollânske 't Veld kaam se ûngefear in heale minút foar in efterfolgjend groepke oer de streek. De sprint fan de efterfolgers waard wûn troch Foske Tamar van der Wal.
Dat De Vries de titel pakte is in opfallende prestaasje. Se is krekt wer better fan in blessuere. It kampioenskip gie oer 42 kiometer.