Nile ek op Wâldrock

05 jun 2006 - 17:47

Death Metal-band Nile is de meast resinte band dy't tafoege is oan de line-up fan Wâldrock. Nile is ôfkomstich út Amearika. Op it stuit wurdt noch wurke oan de lêste band dy't de line-up folslein meitsje moat.

Bands dy't al kontraktearre binne, binne ûnder oare Alice in Chains, Motörhead, After Forever, Y&T en Helloween. Wâldrock wurdt op sneon 1 july hâlden op it festivalterrein by Burgum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)