Ternaarders oanhâlden op Amelân

05 jun 2006 - 13:06

Op It Amelân binne yn de nacht nei snein fiif manlju út Ternaard oanhâlden troch de plysje, omdat se in tal fernielings oanrjochte hiene. Se hiene op de Van der Stratenwei yn Nes in tinte yn in tún smiten.

Ek hiene se in byld en in reintonne omskopt. Op oanwizings fan in tsjûge koe earst in 21-jierrige ynwenner fan Ternaard oanhâlden wurde. Letter koene ek de fjouwer oaren oppakt wurde. Se binne sneintemoarn wer frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)