Drugsdealers oppakt yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Twa drugsdealer binne sneontejûn oanhâlden yn de Hoveniersstrjitte yn Ljouwert. It giet om in man fan 25 en in frou fan 43 jier. Se hiene 13 boltsjes kokaine ferstoppe yn in ôffierpiip.
Ek hie de frou noch twa wikkels by har. De twa hiene fierder allebeide in pear hûndert euro yn de bûse. Dat is, tagelyk mei de drugs, yn beslach nommen. De man is oerdroegen oan de frjemdlingeplysje.