Iepen dei Sportstêd Hearrenfean

© Omrop Fryslân
De bouwers fan Sportstêd Hearrenfean ha noch goed in moanne om it miljoeneprojekt klear te krijen. Dan is der foar 100 miljoen euro ferspikere by it Abe Lenstra-stadion. Sneon is de lanlike Dei fan de Bou.
It projekt Sportstêd is ien fan de projekten yn Nederlân dat iepensteld is foar publyk. It projekt bestiet ûnder oare út de bou fan 12.000 ekstra sitplakken foar it stadion, de bou fan in sporthal, in swimbad en in skoalle.