ONS Snits útskeakele
ONS Snits is útskeakele foar it kampioenskip by de sneonshaadklassers. Troch it gelykspul tusken Rijnsburgse Boys en IJsselmeervogels sneontemiddei hat ONS gjin kâns mear op it kampioenskip.
It waard 1-1 yn dizze wedstriid. De Snitsers spylje Pinkstermoandei de lêste wedstriid tsjin de Rijnsburgse Boys.