Nije oanpaste wenten yn Drachten

03 jun 2006 - 17:43

33 nije wenten foar minsken mei in beheining binne freed yn Drachten offisjeel yn gebrûk naam. It giet om de nijste lokaasje fan soarchynstelling Noorderbrug. Yn de nije wenten is rûmte foar yn totaal 32 fêste bewenners en ien útfanhuzersgelegenheid.

De bewenners ha lang wachtsje moatten foar't se yn har nije apparteminten koene. De tariedings foar de nijbou oan de Leidyk ha tolve jier duorre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)