Fjochtpartij yn Snits

03 jun 2006 - 14:43

Yn de Kleine Kerkstraat yn Snits hat yn de nacht nei sneon in fjochtpartij west. Dêrby wiene sawat tsien minsken belutsen. Trije minsken rekken ferwûne en moasten nei it sikehûs.

De fjochtpartij gong tusken in pear ynwenners fan Snits en minsken út de Rânestêd. De plysje hat in pear kear holpen om de opporteurs út it kafee te krijen, mar letter waarden wer klappen útdield. De plysje hat in hûn ynset om de saak ûnder kontrôle te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)