Rydbewizen tydlik ynnaam

03 jun 2006 - 14:00
Foto: Omrop Fryslân

In 62-jierrige ynwenner fan Ljouwert is syn rydbewiis freed tydlik kwytrekke om't er tefolle dronken hie. De man waard oanhâlden op de Skrâns. Hy krige in rydferbod fan sân oeren.

Op de Keizersgracht waard in 26-jierrige man kontrolearre. Ek hy hie tefolle drank op en krige in rydferbod fan sân oeren. Ek hy moast syn rydbewiis tydlik ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)