Feroarsaker oanriding oppakt

03 jun 2006 - 13:54

De plysje hat yn Boalsert in 34-jierrige man oppakt dy't trochriden wie nei it feroarsaken fan in oanriding. Op it Leech Bolwurk wie de man oan it begjin fan de jûn mei syn auto tsjin de efterkant fan de auto fan in ynwenster fan Boalsert (46) oanriden.

Hy ried dêrnei troch, mar tsjûgen hiene it kenteken notearre. Dêrmei koe de plysje de feroarsaker oanhâlde. Op it buro die bliken dat dy dronken hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)