Utfiering 'In stoarm' yn Heech

© Omrop Fryslân
Nei sân jier krijt Heech yn july fan dit jier wer in iepenloftspul. Der is keazen foar 'In stoarm', in stik fan Shakespeare. It draait om twa broers dy't tegearre in skipshelling hawwe.
Se krije spul en dat rint sa heech op dat ien fan de manlju it doarp ferlitte moat. En dy docht der alles oan om wraak te nimmen. De rezjy is yn hannen fan Pieter Stellingwerf en de muzyk is makke troch in bekende ynwenner fan Heech: Jan Tekstra.