Utstel wurk Ruterskertier

03 jun 2006 - 13:37

De werynrjochting fan it Ruterskertier yn Ljouwert wurdt útsteld. De dyk wurdt autolij makke en moat oer de kop. Fan 't hjerst moat it safier wêze. De stedsskouboarch hat lykwols beswier makke tsjin it tydstip, om't dan ek krekt it skouboarchseizoen begjint.

It autolij meitsjen giet wol troch yn de hjerst om't de dyk no ûnfeilich is. De werynrjochting sels sil pas yn april takom jier plakfine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)