'Gjin miljeu-estafette mear'

03 jun 2006 - 13:31

Wetterskip Fryslân wol takom jier eins net mear meidwaan oan de grutte lanlike miljeu-estafette. Neffens wurdfierder Twickler fan it Wetterskip is it by in grutte kontrôle te dreech om yn te gean op de lokale problemen.

Yn de Súdwesthoeke fan Fryslân wurde bygelyks in soad rôffûgels fergiftige. Yn it ikkerbougebiet binne ûnder oare problemen mei ferbeane bestridings- middels. Dy problemen spylje allinne op bepaalde mominten fan it jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)