Test foar nije rûte Saailân

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert sil útteste oft de yngong fan de parkeargaraazje wol ferlein wurde kin as it Nij Saailân troch giet. No komt it ferkear de Saailânparkeargaraazje binnen fia it Saailân sels, aansens moat dat fia it Beursplein.
Dêrom komt der dizze hjerst in proef mei de nije oanfierrûte. Wethâlder Krol makke dat freed bekend by de iepening fan de fernijde Klanderij-garaazje.