Doutzen nij gesicht L'Oréal

03 jun 2006 - 12:46

Topmodel Doutzen Kroes fan Eastermar is mei yngong fan freed offisjeel de nije ynternasjonale ambassadrise fan cosmeticaconcern L'Oréal Paris. As nij gesicht fan L'Oréal is Doutzen de opfolgster fan aktrises as Penelope Cruz en Scarlett Johansson.

It is foar it earst dat in Nederlânsk model sa'n wichtige funksje krijt by L'Oréal. Doutzen hat de baan te tankjen oan har 'talint sûnder ein en bûtengewoane skjintme'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)