Ynternetmaleur bank noch net oer

© Omrop Fryslân
It kin noch wol oant tiisdei duorje eart klanten fan de Friesland Bank wer ynternetbankiere kinne. De steuring by de bank duorret no al tsien dagen. Neffens de bank binne spesjalisten dei en nacht yn tou om de problemen op te lossen, mar oant no ta noch hieltiten sûnder resultaat. De bank seit no wol te witten wêr't de oast sit.
Neffens wurdfierder Saskia Noteboom fan de Friesland Bank giet it om in softwareprobleem.