Prate oer spoar troch CDA-moasje

02 jun 2006 - 18:13

It CDA yn de Twadde Keamer is der mei ferantwurdlik foar dat de Noardlike bestjoerders no wol prate moatte oer in alternatyf foar it Suderseespoar.

Dat woe it Noarden oant tongersdei ta net, mar dat feroare troch in moasje dy't yntsjinne waard troch keamerlid Van Hijum fan it CDA. Dêryn stie dat der in ferliking komme moat tusken in rap spoar nei it Noarden én in tal maatregels foar de Noardlike ekonomy as it spoar der net komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)