Ungelok Noardburgum

02 jun 2006 - 18:00

Op in trijesprong op de Ryksstrjitwei yn Noardburgum hat freedtemoarn betiid in ûngelok plakfûn tusken twa auto's. It giet nei alle gedachten om in foarrangsflater. By it ûngelok rekken trije persoanen ferwûne. Ien fan de beide auto's kaam yn de sleat telâne.

De brânwacht moast alle ferwûne persoanen út de auto helje. Ien fan de ferwûne minsken is mei de trauma-helikopter nei Grins ferfierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)