Plysje op mountainbikes
De plysje yn Ljouwert surveillearret fan freed ôf op de fyts. Sa kin der flugger en makliker optreden wurde. Ek ferwachtet de plysje dat it publyk op dizze wize flugger in berop op har dwaan kin.
De plysjes fytse op mountainbikes. Op in mountainbike fytse is net maklik. Dêrom ha alle plysjes in spesjale kursus dêrfoar folge.