Kolleezje Opsterlân folslein

© Omrop Fryslân
It kolleezje fan Opsterlân is folslein mei de komst fan Wietze Kooistra fan it CDA. Op 8 maaie binne de oare beide wethâlders Henk_Hoen en Klaas_de_Boer al beneamd.
Kooistra wurdt ûnder oare ferantwurdlik foar de WMO, ferkear en ferfier, finânsjes en kultuer. It nije kolleezje hat as earste mienskiplike aktiviteit in moarnsbrochje mei alle meiwurkers fan de gemeente om neier mei inoar yn de kunde te kommen.