Kroon Vleeswaren oernaam

© Omrop Fryslân
Kroon Vleeswaren út De Westerein is oernaam troch Gepo Vleeswaren út Nieuw Vennep. Hjirmei komt in ein oan in famyljetradysje fan 135 jier. Algemien direkteur Theo Kroon, de fyfde generaasje, ferkeapet de oandielen oan de broers Poppe fan Gepo Vleeswaren.
Kroon is spesjalist op it mêd fan leverwoarst en grilde rollade. De festiging yn De Westerein bliuwt bestean en de oername hat gjin gefolgen foar de wurkgelegenheid.