Proef agrarysk natuerbehear

© Omrop Fryslân
Foar it earst binne boeren yn Nederlân echt ôf te rekkenjen op de resultaten dy't se berikke mei agrarysk natuerbehear. De boeren fan de Skriezekrite Idzegea by de Gaastmar dogge hjir sûnt freed in proef mei.
Se dogge dat yn de mande mei ûnder oare de pleatslike Fûgelwacht, Steatsboskbehear, de jagers en de provinsje. De prestaasje-ôfspraken oer de natuerdoelen wurde fêstlein yn in 'gebietskontrakt'.