'Paad Koatsterstille feiliger'
It fytspaad oer de brêge by Koatstertille moat feiliger wurde foar fytsers. De provinsjale steatefraksje fan ChristenUnie/SGP fynt dat deputearre Baas dêrfoar maatregels nimme moat.
It fytspaad is net goed ôfskerme fan de dyk en boppedat ride der in soad autobestjoerders oerhinne. ChristenUnie/SGP fynt dat fierstente gefaarlik.