Syb vd Ploeg spilet Rembrandt

02 jun 2006 - 13:12
Foto: Omrop Fryslân

Syb van der Ploeg spilet takom jier de haadrol yn 'Rembrandt de musical' yn Keninklik Teater Carré te Amsterdam, tegearre mei musicalstjer Henk Poort. Woansdei binne de lêste hantekens set en tongersdei de earste kostúms past.

De musical giet takom simmer yn premiêre. Der wurkje mear as hûndert man oan mei. Syb moat de kommende moannen alle dagen nei Amsterdam om te repetearjen. Hy krijt in spesjale coach.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)