Sloop Teatskehûs yn Blauhûs

© Omrop Fryslân
Soarchsintrum Teatskehûs yn Blauhûs wurdt sloopt. Op it plak wurde 25 nije soarch-apparteminten en 18 oanleun- wenningen boud. Arsjitekteburo Alberts & Van Huut út Amsterdam makket it ûntwerp. It buro hat ek it markante haadkantoar fan de Gasuny yn Grins ûntwurpen.
Begjin takom jier wurdt begûn mei de sloop fan Teatskehûs, yn de rin fan 2008 moatte de nije wenningen en apparteminten klear wêze.