Fytser ferwûne yn Twizelerheide

02 jun 2006 - 10:47
Foto: Omrop Fryslân

In 19-jierrige fytser út Sweagerbosk is tongersdeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding op it Wyldpaed West yn Twizelerheide. De jonge sloech ynienen links ôf, wêrtroch in 19-jierrige automobilist út Twizel in oanriding net mear foarkomme koe.

De fytser is mei ferwûnings oan de holle mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)