Drugsdealster oppakt yn Ljouwert
De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitejûn yn de omjouwing fan it Stationsplein yn de stêd in 38-jierrige ynwenster fan Snits oanhâlden. Dit op fertinking fan it dealen yn drugs.
Op it momint dat de plysje de frou oanspruts, helle de frou drugs út har beurs en woe dy yn har mûle dwaan. De frou fersette har by de oanhâlding en is oerbrocht nei it plysjeburo en dêr ynsletten.