Grutte drugsfangst yn Kimswert

© Omrop Fryslân
Yn Kimswert is in himpplantaazje mei achttûzen planten oprôle. De planten stiene yn twa kassen krekt bûten it doarp. De plysje kaam de saak op it spoar nei oanlieding fan in tip. In sântal minsken soe dwaande wêze guod nei binnen te bringen dat noch it measte like op himpplanten.
By oankomst fan de plysje naaiden de fertochten hurd út. Se koene eefkes letter oanhâlden wurde. De planten binne ferneatige.