Marcel Beima yn giele trui

02 jun 2006 - 09:52
Foto: Omrop Fryslân

Marcel Beima hat nei de tredde etappe yn de Volta Ciclista Tarragona yn Kataloanië de lieding yn it algemien klassemint oernommen. Tongersdei yn de rit fan Cambrils nei Salou oer 150 kilometer einige de Hurdegarypster as alfde. De oerwinning wie foar de Spanjaard David Gutierrez.

Beima kaam yn in ôfdaling ek noch te fallen, mar koe de skea ynhelje en einige yn de earste grutte groep fan krapoan fjirtich man.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)