SW-Fryslân pakt spijbeljen oan

© Omrop Fryslân
De skoallen yn Súdwest-Fryslân kinne tenei gebrûk meitsje fan it 'Meldprotocol Schoolverzuim' om spijbeljende bern oan te pakken. It papier mei dêrop it meldprotokol is tongersdei oanbean oan wethâlder Ekhart fan Snits.
Doel is om bern mei swierrichheden sa gau mooglik yn byld te krijen. Alle gemeenten en helpferlieningsynstânsjes yn de Súdwesthoeke dogge mei.