Gjin skot yn saak-Piratefeest

01 jun 2006 - 18:03
Foto: Omrop Fryslân

Yn de ferkrêftingssaak fan it Piratefeest fan april binne op koarte termyn gjin oanhâldings te ferwachtsjen. It festival wie op in terrein tusken Surhústerfean en it Grinzer Mearum. In famke (17) fan Fryske Peallen hat oanjefte dien fan ferkrêfting.

De plysje is dwaande mei it besjen fan foto- en fideomateriaal, beskikber steld troch de organisaasje. Der komme gjin nije tips mear binnen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)