Elma de Vries wint wer

© Omrop Fryslân
Elma de Vries fan 'e Haule hat woansdei trije ôfstannen wûn by in skeelerwedstriid yn Medemblik. De 23- jierrige De Vries kaam as earste oer de streep op de 500 meter, de 1000 meter en de kombinearre 5 kilometer- punten-ôffalkoers. It wie har earste wedstriid nei in blessuere wêrtroch't se trije wike net traine koe.
Moandei ferdigenet De Vries har titel op it Nederlansk kampioenskip op 'e dyk yn it Noardhollânske 't Veld.