Nije misdiedromans presintearre

© Omrop Fryslân
Drukkerij Flevodruk yn Harns wol him mear profilearje as útjouwerij fan romans. Op dizze wize wol it bedriuw mear wurk foar de eigen drukkerij generearje. Woansdei waard op it stedhûs fan Harns it earste diel fan in nije misdiedrige presintearre.
Dizze rige moat in lanlike útstrieling krij en sil ek lanlik ferspraat wurde. It earste diel yn de misdiedrige 'Het gepeperde lijk' fan Anneke Veenstra giet foar it grutste part oer Harns.