Pieter Weening yn Luxemburg

01 jun 2006 - 13:06

Pieter Weening is woansdei begûn oan de Ronde fan Luxemburg. Yn de prolooch oer 2,6 kilometer waard hy 39ste. Kim Kirchen wûn yn syn eigen lân. Hy bleau as iennichste binnen de fjouwer minuten. Weening hie tweintich tellen langer wurk.

It is foar de 25-jierrige ynwenner fan De Harkema it begjin fan 'e tarieding op de Tour de France. De Ronde fan Luxemburg duorret noch oant en mei snein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)