Hynder op kontrôle yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De oerlêst fan losrinnende hûnen en hûnestront yn rekreaasjegebiet de_Griene_Stjer by Ljouwert wurdt dizze simmer oanpakt troch in miljeukontroleur mei har hynder. Der waard al tafersjoch halden troch stedswachten, mar dy meie net beboete. Dêrom set de gemeente Ljouwert no in miljeukontroleur yn. Eelkje en har hynder Noran binne fan woansdei ôf te finen yn de_Griene_Ster of it Ljouwerter bosk.