Nij parkeardek Klanderij klear

01 jun 2006 - 08:05
Foto: Omrop Fryslân

Parkeargaraazje De Klanderij yn Ljouwert hat der in eksta parkearlaach by. Der kinne no 130 autos ekstra stean en mei-elkoar is der no romte foar 630 autos. Nij is de saneamende rydbaanferwaarming, dy't slipperij by winterwaar foarkomme moat. Ek de trappen, gevels en flierren binne oanpast.

Wethâlder Gerrit Krol sil freed de ferboude parkeargaraazje iepenje. De ferbouwing hat tsien wiken duorre.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)