Ekotoiletten yn Snits

© Omrop Fryslân
De earste kaai fan in revolusjonêr nijbouprojekt is woansdei útrikt yn Snits. De wenningen, 32 yn totaal, ha bio-enerzjy opwekkende wc's. Neffens wenningstifting Patrimonium yn Snits is it in wrâldprimeur.
Foarearst giet it om in proef, mar as de opset slagget, sille der yn it lân mear fan dit soarte miljeufreonlike toiletsystemen komme. Unyk is dat der wetter besparre wurdt, mar ek dat fan de útwerpsels fan alles makke wurdt.